oktober 31, 2022
fan ûnbekend*
Dit binne se, tsien mannen,
foar frijheid daliks ree
om mei har fort te fleanen
fol mei bommen mei de hoop
de fijân fûl te reitsjen
en dêrnei lânjend op har stee.
Se fleagen flot nei Emden,
bommen foelen op ’e stêd,
dus wie har missy slagge,
wer werom wie doe de hoop,
har fort waard lykwols rekke,
kaam del op Offenwierster mêd.
Om letter oan te tinken
kaam op ’t plak in duorsum boerd
mei tekst en tal fan foto’s
foar it minskdom mei de hoop
dat frijheid bloeit yn frede…
tsien mannen hiene dêrfoar moed.
* Tekst en foto’s ‘Oantinkboerd by Offenwier’
oktober 24, 2022
It heart net sa,
it is der fier by troch
yn ’t ramt fan it klimaat:
in lege plestik sek
kin dat no noch?
Sa tusken ’t grien
misstiet de swarte sek
as wie de hoop ferlern
en hie de dea it wûn…
bin ik no gek?
Net gek, mar wol
blyn foar de lette hjerst,
dy’t ôfbrekt wat bliuwt oer
fan ’t hoefblêd op myn paad:
in rare rest.
Mar wat fergiet,
jout oan de minske troch
de syklus dy’t it rêdt,
dêr’t hy in diel fan is…
sa heart it doch?