Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bemiigde grûn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie dy moarns myn paad,
de Swette lâns, dêr’t wylgen krom
fan waar en wyn, de tiden troch
noch altyd op ‘e woartels bleauwen;
se joegen amper skaad
en fregen inkeld om
in skepfol grûn om fêst te stean
en sjoch…

Image

Ik seach mysels noch stean
as jonkje yn it skûtsjerom
en skepte mei myn skepke troch
wylst heit ried mei de folle kroade;
de planken leine skean,
de modder rûtste derby del,
mar sjoch…

Der kaam dy moarns in stel
de Swette lâns mei elk in hûn
dat my wer helle by de tiid,
ik koe myn eagen amper leauwe:
de hûnen, earst noch fel,
bemiigden doe de grûn,
de modder fan myn bernedream,
mar doch…

Image

admin

Parallelle dream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken ieuwenâlde muorren,
heal ferskûle achter ’t jonge grien,
stekt heech de mêst de fleugel op
yn konkurrinsje mei twa tuorren.

Langstme nei it wide wetter
waard betwongen, hy moast earst nei stien
en smelte, ’t heechhout foar de kop,
en dreamde oan de kaai oer letter.

Tusken ieuwenâlde muorren
hat er withoelang te dreamen stien
mei stive kop, de Levi’s slop:
hy seach him oan de skoaten skuorren.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum