Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Grûnoarloch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se rôlje oer de tichte grûn:
alarm foar al it libben guod,
yn ’t feilich tsjuster flink en sûn,
mar ’t krûpt no eangstich fuort.

It mes snijt skerp de ierde troch,
wa’t no ûntkomt, sprekt fan gelok,
dochs dreunt it altyd noch en sjoch…
de loftmacht krijt it drok.

Se dûke nei de iepen grûn,
de jagers sjitte, witte ’t wol:
se binne net oan grinzen bûn,
net oan in deadetal.

It stiel slacht rûch de kluten op,
dêrtusken noch in inkeld lyk;
de jagers ha in loftstofstop,
de winners ha gelyk.

Image

admin

Drinkeling

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie it plak om op te fieden,
op ‘e hikke mei it byld rûnom
fan trije eleminten:
wetter, grûn en loft, de som
om ’t feilich boartsjen oan te bieden:

‘Dus flean de loft yn boppe mieden,
wa’t yn ’t wetter lânet, dy is stom!’

De soan woe harkje, wie foarsichtich,
bleau yn byld en wjukke boppe ’t grien,
de dochter liet de hinten
waaie, foel doe as in stien
en wie yn ’t wetter net gewichtich.

Image

It helpleas wêzen koe net swimme
sûnder fluezen, op ‘e fear gjin fet,
it wjukslaan moast har rêde
fan de drinkeldea, sa net,
dan soe ien elemint har nimme.

Image

Doe is se by de wâl op klommen
mei it feilich grien rûnom
fan reiden en fan blêden.
Wie se stom of joech it rom?
Yn elk gefal moast se bekomme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum