Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

PM

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Is heech fan peil en stân,
mar tagelyk in frjemd ferhaal,
in kontradiksje, dochs reëel,
in trochfeart yn it lege lân:
in keninklik kanaal.

In blom, PM, prinses Margriet,
as ’t skip der mar trochhinne giet.

Image

’t Wie op in simmermoarn
betiid dat ik dêr wachtsjend stie
op wat my like yrreëel:
’t kanaal fertsjinne wol in kroan,
in beareklau yndie.

Twa laden skippen foeren troch,
ik seach dernei en wachte noch.

’t Wie letter yn de tiid
dat ik op ’t selde plak wer stie
en seach wat like wol reëel:
piraatmodel, ree ta de striid,
in beareklau yndie.

Image

admin

Oer spoaren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In wike wolkom en farwol
by folle wolken boppe ’t lân,
dan bliuwe spoaren oant de hjerst yn stân,
in sûvenir fan silers, leech en gol.

Der is gjin bliuwend spoar op ’t wiet,
’t jout neat sa tusken swart en wyt,
it swimt en sylt en as it fierder glydt,
dan sljochtsje weagen ’t oer, wat moaier stiet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum