januari 23, 2023
It binne beide karnivoaren
dy’t genietsje fan in snaffel fleis,
in kikkert, rôt, meastal in mûs,
dy’t net faak boppe komme,
ûnder binne by de rûs.
It rûzet dêr fan ’t rûtsend libben,
ûndergrûnsk fan wille net genôch,
dus komme der in protte bern,
dy’t dwerse pubers wurde,
losgeand litte se har sjen.
De earrebarre en de reager
kenne dat bolbjirken folkje wol,
de earrebarre stapt foarop,
dêrachter slûpt de reager,
taktysk swierder yn de kop.
Syn snaffel sil nei foaren sjitte
foar’t de oare reagearje kin,
de puber sjit der altyd yn,
kin net in snaffel kieze,
want hy is fan skrik al blyn.
januari 16, 2023
It tsjuster waret oer it gea,
de wolken jeie oer de stêd,
de wyn lit fan him sprekke
mei de rie: ‘Bliuw hjoed mar thús,
sliep út, kom let fan bêd!”
Sis, wat besielet al dy lju
dy’t yn it tsjuster stappe
op ’e fyts om ûnder wolken
troch tsjin twirren yn te gean?
Hoe krijst it yn de kop!
Wis, Snits kaam ridlik gau yn byld
nei ’t gea dat yn it tsjuster lei
en op ’e kop de twirren,
mar sjoch harren hjir no stean,
sy ha in klap útdield.
Besiele troch dy earste klap
gean sy foar alve nei de ein…
op redens duorret jierren.