Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Amen foar It Amelân

Lyrysk Deiboek


It Amelân, lân om amen
foar te sizzen, want it is
sa dat de brâning rôlet
ivich op it eilân ôf,
mar hat de brân net dwêste.

Hoefolle leauwigen ek kamen,
’t wie mei sizzen net te dwaan,
dat diene doe de flammen,
want it godshûs brânde ôf,
it fjoer wie net te dwêsten.

It Amelân, lân om amen
foar te sizzen, want it is
sa dat de brân hie net it
lêste wurd, ’t kaam ta de bou,
dat fjoer wie net te dwêsten.

Hoefolle fisken boppe kamen,
’t wie mei sizzen net te dwaan,
de fiskers moasten skuorre,
fregen har dêrnei wol ôf…
is ’t tiid om út te rêsten?

It Amelân, it lân fan amen
sizze op it rinnen fan
de Hear oer hege weagen,
rêste docht men net sa gau,
yn tou is dochs it bêste.

* Foto ‘Part fan it plafond fan
de wer opboude roomske tsjerke
op It Amelân’
Links: Kristus rint oer de weagen
Rjochts: it wûnder fan de fiskfangst

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum