Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Spegeljende miuwen

Lyrysk Deiboek


De brune kap is der al ôf,
want hjerstmis passe sy har oan
om winterdeis ljocht út te strieljen,
ôfsjoen fan de minskewrâld:
de lampen op ’e autowei
by nacht, mar ek op ljochtskyndei.

Men hâldt sa lykwicht op ’e dyk,
gjin auto rekket yn de berm
of folle slimmer yn it wetter,
dûbel is it in behâld:
foar mannich libben, ek de wein
komt foar syn tiid net oan de ein.

Sy hâlde ’t lykwicht yn de loft,
mar boppedat ek op in tou
mei ljochte kop deun boppe ’t wetter;
spegeljend har mannichfâld
oan minsken hawwe miuwen nea
mear lêst fan in te iere dea.

admin

Nei hingje rize

Lyrysk Deiboek


Soe men net hingje litte
alles wat mar hingje kin
oan ierdeswarte tinzen
oer wat op ’e ierde bart…
wêr binne noch de grinzen?

Men wol it eins net witte,
mar it komt oer elke grins,
it is net tsjin te hâlden
dat de ierde skodde hat…
men libbet yn mear wrâlden.

De himel hat bloed switten,
mar dy hâldt him fierder stil,
it is it ivich swijen
oer wat op ’e ierde bart,
al riist it razend lijen.

Of lit it read hjoed witte
dat it jûn wer reine sil,
de wetterspegel rize,
men fersûpt as swarte kat;
der falt neat mear te kiezen…

… as tinzen hingjen bliuwe
by wat op ’e ierde bart,
betink dat alle knoppen
iepenspringe út in swart
bestean, ’t giet wer nei boppen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum