Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Nammen tusken stien

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Yn stien fersonken nammen
sprekke ús noch altyd ta:
‘Betink dit plak, ús faai bestean
en fiel dat jim de frijheid ha
om nei jim eigen doel te gean.’
Wy harkje hjoed beskamme.

Image

Dit binne noch de spoaren
fan wa’t rôlen oer it spoar
fan hûnderttûzen fan it folk
dat oars besjoen waard as de oar
en dêrom opgie yn in wolk…
wa wist dit fan tefoaren?

Rozet? Sy koe ’t net witte
mei har noch mar achttjin jier
mei earstoan fleur en letter noed
oer ’t fiere doel, as bist ferfierd
en sûnder namme doe, mar hjoed
sil sy Rozet wer hjitte.

Image

admin

Blauhúster stapkapel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is de hichte wer yngien,
it wie diskear foar ’t lêst,
se hawwe yn de koepel stien,
it stel fan de kapel
sleat blazend ôf op ’t alderbêst.

Image

Se ha de heale wrâld omrûn
al musisearjend fan
de moarntiid oant de lette jûn,
it stel jout him no del
mei noch in pilske, twa de man.

Twa hannen holden de trompet,
twa skuon ferslieten rap,
dêr ha se hegerop mei ret:
it stel bleau noch yn tel
mei troch de blauwe loft op stap.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum