april 3, 2023
De fraach is: kin de flagge wol yn top
no’t hjoed it leechste punt berikt is
mei de lêste peal it alderdjipst
om in heech gebou te dragen
foar wa’t âld wurdt mei in oantal fragen.
It antwurd hâldt de bou perfoarst net op,
men wol it heechste punt berikke,
want de âldste bûsen stekke djip
om it kapitaal te dragen
dat net opgiet yn in âlde mage.
Sjedêr de stam, dy stribbet hegerop,
wa wit hoe djip syn woartels stekke
no’t de beam de âldste rjochten hat
om natuerlik frucht te dragen,
wat syn kapitaal is sûnder fragen.
maart 27, 2023
Dôf foar de maitiidsrop
stiet sy al jierren statysk,
getten yn de hurdste stien,
hoewol’t stôkblyn foar kleur en fleur,
ropt sy ta aksje op.
Sjoch nei myn maten yn
de flecht, net yn de greiden
mei it grienste Ingelsk raai,
al jierren sûnder kleur en fleur,
dat feest wie lang ferlyn.
De boer as maat fan mear
en mear mei megastâlen,
folge sa de maatskippij,
fûn fûl natoerprotest geseur,
wie mei de stikstof klear.
Dus stiet de strânljip op
ien poat, as akrobatysk,
mar de twadde is fergien,
de snaffel hat noch amper kleur…
wa heart no noch syn rop?