Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Unwis witten

Lyrysk Deiboek


De nacht kin noch sa tsjuster wêze
en de pannen swart as roet
of twa ljochten litte witte:
úteinlik komt it goed.

It sjitten kin de folken reitsje
sá dat streamt in beek fan bloed
nei de see dy’t heech opspilet:
it komt wiswier net goed.

Twa ljochten ha noch dit te sizzen:
as de see it net mear sjocht,
soene wy it dan wol witte
as kombinearre ljocht?

Natuerlik en keunstmjittich roppe
op de dei foardat de stream
oankomt by de see, it ljocht lit
sjen: sterker is de beam.

admin

Krom lije

Lyrysk Deiboek


Noch fierder hie hy wollen,
mar it slagge amper mear,
want rjochtop stean gie net,
hy rûn mei bûgde holle.

Syn hûd wie oantaast, útslein
troch in skimmel, dy’t him lang
al yn besnijing hie,
syn fraach gie oer de útein.

Mar help koe hy net krije,
dêrfoar wie syn leed net slim
genôch, sa waard der sein,
net ien woe him befrije.

Dus moast er sa mar trochgean,
as de winter nei de ein
rûn, soe it better gean,
mar wa soe dêrfoar ynstean?

Dochs liet er him dit sizze,
’t wie al wer itselde liet
as alle jierren… moast
er him by ’t feit dellizze?

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum