september 4, 2025

Ien blom kin wol fertelle
dat er mei de sinne draait
om folop strielen op te heinen,
strieljend jout er ’t ljocht werom,
dat is de sinneblom.
De Oekraynske fjilden
tilden op fan glânzjend giel
om oer de frede te fertellen…
wannear komt dy tiid werom
yn plak fan bom nei bom?
Ien bom kin wol berikke
dat er grinzen fier ferleit
om sa it Kremlin fûl te reitsjen…
nea komt dy tiran werom,
syn ein is sûnder rom.
Lit dan de sinneblommen
op de Oekraynske grûn
har draaie nei de sinnestrielen,
lûd jûchheit de giele blom:
‘De frede is werom.’
augustus 25, 2025

De planten skokke fan de skrik
en spanning hoe’t it komme sil,
natuerlik libbet alles mei
it dier dat him net rêde kin,
want swimme sit net yn de genen,
boppedat rint it tsjin melkerstiid.
It jaar waard stadichoan al dik
en joech it lêste setsje yn
de weake ûnderwâl, sadat
it brein de plûns net mije koe,
hoewol’t de genen protestearren,
want al gau rûn it tsjin melkerstiid.
De ko joech by de strûp gjin kick,
de eachopslach sprekt wol fan ‘sil
de boer my rêde út ’e need?’
De trekker lûkt it tou sa strak
dat ek it jaar komt út it wetter,
krekt op tiid, op slach fan melkerstiid.