augustus 21, 2023
De himel jout it faaie teken
dat it twa foar tolven is,
noch hûnderttweintich tellen
foar’t de klok begjint te slaan
foar saakkundigen en leken.
De leek seach ’t swurk al langer driuwen,
nei in hjitte rite dy’t
oer ’t wjerljochtsjen fertelde,
wylst de wittenskip alarm
sloech om by de tiid te bliuwen.
De raffels boppe beammen driigje,
mar dêrtusken bliuwt it ljocht,
noch hûnderttweintich tellen
foar’t de klok begjint te slaan
en de weagen meters stiigje.
augustus 14, 2023
It falt net ta de trijeling
te lieden nei de takomst ta,
selsstannich wurde is it stribjen,
letter sels foar neiteam gean,
belangryk is yn lykwicht libje.
It lykwicht hâlde op in ding
dat yn it wetter driuwt is dreech,
mar wol de muoite wurdich, sûnder
âlders dy’t dêr ek op stean,
kin ’t net, dochs no giet soks foar wûnder.
Der hearsket frede ûnderling,
want dêrfoar is ’t in trijeling,
dy’t sprekend op elkoarren lykje
fan de snaffel oant de tean,
sy sille it bestean ferrykje.