december 12, 2016
Hy stiet noch op ’e grins
fan bern nei puberteit
mei dûns op wang en kin,
wol los fan mem en heit,
fansels dat it wol kin,
as ’t moat fljocht er nei Grins.
It kleuret inkeld grien,
want iepen leit de wrâld,
hy pikt syn part wol mei,
wat griis is, lit him kâld,
hy libbet by de dei
en nimt der sa noch ien.
Sy hâldt har meastal yn,
mar wol oan ’t libben fêst,
want kin him noch net kwyt,
sy hat gjin rêst, wol lêst
om’t sy troch ’t libben slyt,
har flecht is yn de wyn.
december 5, 2016
As beam en reid beripe binne,
’t wetter leit der as in spegel by,
de sinne kipet troch de dize,
’t oansjen fan de wrâld is nij,
dan slacht it hert der fûler hinne.
De dei sil boppe nul ferrinne,
mar it wachtsjen is dan op ’e nacht,
dy’t taseit dat it fûler frieze
sil as dagen ha oan macht,
noch fûler slacht it hert derhinne.
Noch foar it rizen fan de sinne
ha se sitten nei de rûte brocht,
dy’t op it ‘no sil ’t heve’ wize
fan de Alvestêdetocht…
de net-Fries hat it ryk allinne.