Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sprekkende moarntiid

Lyrysk Deiboek

Kin foar himsels de moarntiid sprekke,
de wredens fan de grauwe winterwrâld,
dy’t roetkâld priket yn de hûd?
Hy sil it eachweid iepenbrekke.

It lûd komt út ’e fierste fierte,
dêr’t yn de dize leit de Snitser mar,
de froast bestjurre al it far,
wat klomske fûgels witte litte.

Mar harkje dêrnei nei de barsten,
dy’t mannichfâldich skuorre yn it iis,
de moarntiid sprekt fan lang net wiis,
it tempo is mei trije hasten.

Sjedêr de peallen foar de touwen,
dy’t grutte skippen hâlde oan de wâl
en steane foar de iisgroei noed,
de hannen bliuwe yn de mouwen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum