mei 1, 2017
Dêr rûn ik, wylst de wrâld stie stil
by ’t wekker wurden tusken nacht
en dei, dy’t my doe wolkom hiet,
net waarm, de dize lei noch kil
op ’t fjild, de sinne gie op jacht,
dus fluite ik it jagersliet.
De wolken namen oan de kleur
dy’t paste by it strieleskot,
yn ’t easten tilde ’t op fan reek;
ik stapte fluitsjend troch, de fleur
fan ’t jagersferske die my wat,
hoewol, yn jeien wie ’k in leek.
Ynienen bleau ik deastil stean,
want op it fjild beweegde wat,
in mem mei yn har spoar in bern;
’k rôp tsjin de sinne: ‘Lit har gean!’
Se draafden fuort, mem en har skat,
ik fluite no as reeëfan.
april 24, 2017
Ik wol ’t wol wêze
op rûtsjes himelsblau
of is der noch in oar?
In man heart by in frou,
mar no stean ik derfoar,
foar my is ’t net te lêzen.
Fuort mei dy letters!
Mei rútsjes ha ik wat,
dy binne foar de sier,
ik praat it Frysk al flot
of stiet hjir Offenwier?
Mei my derby neat betters.
In Offenwierster,
jawis, dêr stean ik foar,
hjirachter wenje ik
en oaren mei elkoar…
fan rútsjes krij ’k in kick,
dus wurd ik letter sierstjer.