Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skiep, falk en folk

Lyrysk Deiboek

Nijsgjirrich binne sy nei foaren
kommen, domwei mei de kop omheech,
omdat sy fan gjin weagjen witte,
ha oars net as gers op ’t each…
gjin motivaasje om te doaren.

It stek is ticht, de daam net iepen
foar dy iene, folge troch de rest,
de keppel kin der net mei sitte,
lizze wol yn ’t wollen fest…
it fretten giet foarôf oan ’t sliepen.

De konten ha al wat te sizzen
oer de polyfalken oan de peal,
dy’t ûnder ’t blauwe seil wei wolle:
mei de kop derfoar, want heal
kin ’t net, dus bliuw dêr net sa lizzen.

Mar sis, wêr bliuwe dan de hannen
foar it touwurk oan de gyk en mêst,
de kop kin dochs net sûnder holle?
Dingen lizze altyd fêst,
ûntbrekke Jantsjes… dan ek Jannen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum