Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Fan seis nei trije

Lyrysk Deiboek

Syn simmer hat al west,
de tiid dat hy noch linich rûn
– seis skonken stapten tagelyk,
want fjouwer wiene fan syn hûn –
de rûte fan de Grienedyk.

Doe kaam foar him de hjerst,
de beammen stiene noch yn ’t grien
– twa skonken eagen justjes bryk
en fjouwer hiene faakris stien –
op rûte fan de Grienedyk.

It rinnen waard in test
foar him, al fielde hy him sûn
en wie er trije skonken ryk,
mar earmer sûnder trouwe hûn
op rûte fan de Grienedyk.

admin

Fan breid nei mem de frou

Lyrysk Deiboek

fan Marc Chagall*



It wite ljocht strykt oer it doarp
en skampt it giel fan de lantearne,
wylst de staasje stekt skerp ôf,
de stap deryn, de oaren steane.

Sy ljochtet strieljend as de breid
en wol har al mei him ferbine,
wylst syn swart hâldt justjes ôf,
syn stal rint op mei it ferline.

De tiid stiet stil op dizze dei
by wat hy strykt út syn fioele,
sa ferbynt hy man en frou,
sy moat der sûnder lûd om gûle.

It feest rint fleurich nei de ein
en ’t wite ljocht glydt nei de stjerren,
mar wat folget, komt al gau,
dat lûd wol hy it leafst net hearre.

Mar foar de helte is hy heit,
hy sil har dêr noch faak op wize,
want sy is en bliuwt as frou
de mem, dat moat men net fertize.

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De brulloft’
Skilderij ‘It pear’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum