maart 26, 2018
Der wie gjin harsens op ’e planken
fan de Snitser bûlevaar,
it wie ek noch betiid
mei ’t kommen út ’e winter wei,
mar ’t lei net oan it waar.
De Houkesleat lei al lang iepen,
hie de maitiid al foarfield
en wachte op ’e tiid
fan mear beweging troch de dei,
it leafst dêroer ferdield.
Hjoed wie de moarntiid folle stiller
troch noch altyd wintersliep;
de oergong wie in striid
omdat men leaver lekker lei,
’t wie snein, gjin wurktiid kniep.
Sjedêr, gjin harsens, mar wol mouwen,
boksen, alles dweiltrochwiet,
de helte op ’e kop;
foarfield waard dizze maitiidsdei,
dêrmei de simmertiid.
maart 19, 2018
Hy wie in man fan ’t Fryske hynder,
dêr’t hy himsels yn seach:
de holle heech, yn ’t rinnen pronkje,
dat lei no ienkear yn syn aard,
mar nea hie hy in klep foar ’t each.
In man wie hy, tûk yn de hannel,
gie om mei man of frou,
wa wit hoe’t hy him hold as jonkje,
dat socht ferlegen nei it paad,
útrinnend op ’e pronk as pau.
Hy rûn net hurd, wie yn de wannel
de man fan styl en wurd,
dat faakris blonk oan beide kanten,
dêrfoar wie hy ek numismaat,
in dûbel libben: geast en guod.
Dêr sit er dan, djip yn de mimer
bewuolle, sa’t er wie,
net langer tinkend oan syn klanten,
mar ynkeard, want hy wist fan ’t paad
dat hy mar koart te rinnen hie.