april 3, 2018
Wês wolkom, fûgels út it suden wei,
de himelstreken wize jim it paad
om wer in broed te lizzen
middenyn jim eigen wrâld,
de situaasje is dernei.
Ferhege hat it wetterskip it peil,
mar net allinnich foar it grutte skip,
’t hat alles hjir te sizzen;
jimme rjochten binne âld,
dus flean mar op en hâld jim steil.
It is safier, jim binne wer teplak,
de skeane kúf sprekt fan jim striidber aard
en alles is yn streken
foar úteinlik jim behâld:
de berntsjes krije har gerak.
Watsei, allinnich yn It Heidenskip?
Is ’t peil op oare plakken dan noch leech?
Nim elkenien geweken
dy’t fan ljippen minder hâld
as fan de trekker en it skip.
april 1, 2018
Sy is faak yn de wolken,
om’t se op ’e hichte is
fan wat him op ’e grûn ôfspilet:
giet it goed of giet it mis,
sy hâldt it oersicht op ’e balke.
Sy hâldt harsels yn lykwicht,
ek al stiet sy op ien foet;
as ûnder har in wolfshûn bilet,
bringt sy fleurich him in groet,
want mist er net har skoander útsicht?
Mar komt úteinlik ’t ynsicht
dat sy op dy hichte bliuwt,
is ’t útsicht fuort sa’t sy it spilet.
Dan hy dy’t wit fan hichten
heger as de Pan syn mêst,
de top om him djip te besinnen
op wat goed is of ta lêst…
der is dan noch in wrâld te winnen.