Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nekkramp

Lyrysk Deiboek

It wie noch tsjuster tusken mar en stêd
doe’t ik de holle yn de nekke lei
en kloften miuwen fleanen seach,
opljochtsjend by de earste lampen;
nei de moarnshap noch net sêd,
ferwachten se in ôffaldei.

It wie in frije dei, in djippe rêst
lei oer de stêd, ik kaam der stadich yn,
wylst boppe my it miuwfolk fleach;
’k hie gjin idee fan ramp of lijen,
want de iere stap foldie my bêst,
dochs wie de stedske kalmte skyn.

Yn ien klap sloech de kalmte oer yn kramp,
de nekke joech de kop noch efkes krêft
om frij te kommen fan de grûn,
mar fierder koed er him net krije;
him de nekke draaie… nee, in ramp…
’k rûn troch… in miuw swom yn de grêft.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum