Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Dûbele bekoaring

Lyrysk Deiboek

Wylst it ljocht streamt oer it wetter,
bûcht de toer de skerpe punt
út earbied foar ’t harmoanysk byld
as skepping fan de sinne,
in byld fan ’t iene yn it oare,
dy feroaring is de minske gund.

Skept it minskdom folle better
as it ljocht, wjerspegeling
op wolk en wiet, harmoanysk byld
dat leit der samar hinne
as om de minske te bekoaren,
wylst de toer is stielhurd mar in ding.

Dochs bekoare ek de foarmen
fan it stiel it minsklik each,
harmoanysk oer it flak ferdield.

admin

Wetterfûgels

Lyrysk Deiboek

Hy rint op lange, swarte poaten
hastich by it wetter lâns
om in gaadlik plak te finen
dêr’t syn snaffel skowe kin
al fiskjend hinne en werom,
hy is geduerich yn beweging,
breedút bliuwt er yn balâns,
oer neat hoecht hy him op te winen.

Sy lit har op it wetter driuwe,
sûnder gong hat sy it nei it sin,
ûnder ’t strieljen fan de sinne
lit sy har al weagjend sjen:
de wetterspegel stjoert werom
har byld, geduerich yn beweging;
wat sy yn ferbylding kin,
is swimmend noch oan skientme winne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum