Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Fraach oer opstean

Lyrysk Deiboek


Syn bertestjer joech strieljend ljocht,
lykas de wizen witte lieten,
sa’nien waard doe wrâldferneamd
en soe syn ljocht grif skine litte,
mar it is de fraach wat hy hjoed docht.

Hy wie in Joad, gjin moadegril
woe hy de minsken hearre litte,
mar de wierheid, dy’t men neamt
te radikaal, dus lit mar sitte,
op Goed Freed briek men syn lea en wil.

Op Peaskemoarn, sa’t men doe sei,
kaam hy it grêf út, wer ta libben,
rekke dêrtroch wrâldferneamd,
syn ynfloed koe men amper mjitte,
’t is de fraach hoe sit it hjoed de dei?

De Joadestjer mist hjoed it ljocht
en alle grêven bliuwe sletten,
opstean docht men yn de wrâld
tsjin ûnrjocht lykas hy ek witte
liet en die, de fraach is wa’t dat docht.



admin

Geweld telt op geweld

Lyrysk Deiboek


As terreur de himel kleuret,
wurdt it swart foar ’t iene each
en streamt it oare fol en oer:
gefoelens weach nei weach.

As de see rint nei de brâning,
rôlje weagen wit hoe heech,
’t ientoanich rûzjen giet mar troch:
werhelling eaget dreech.

Eagen heine reade roazen,
leafde dy’t wat sizze wol,
hoewol’t de brâning rûzet troch:
werhelling easket tol.

As terreur de himel kleuret,
wit men dat it fjurjen telt,
dat leagen slacht de wierheid dea:
geweld telt op geweld.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum