Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Nasjonalisme

Lyrysk Deiboek

Fleane, swimme, dûke,
’t binne fûgels fan komsa,
kom allegearre yn formaasje,
dan sil gjin fisk mear wille ha.

Wjukken om te brûken,
snaffels slaan ynienen ta,
nei mei-inoar kommunikaasje,
gjin fisk ûntsnapt deroan, no sa!

Fiskje sûnder fûken,
konkurrinsje, nee, net sa,
men docht it foar de hiele naasje,
dêr wol dy naasje wol op ta.

admin

Uneinich

Lyrysk Deiboek


Uneinich rinne rûnten troch,
lykas in slang dy’t kop noch sturt
hat, kronkeljend itselde paad,
fertel dêrfan it nut.

It komt hjir net op tellen oan,
gjin mjitte sûnder sturt en kop,
dat sykje ’t yn in rom ferskaat
en harkje nei de rop
fan fûgels yn de iere moarn
al nei in briedplak op ’e strún,
elk nei syn eigen bou en aard,
as biotoop de tún.

Uneinich rinne jier nei jier
nei wer in jier, it giet mar troch,
it liket op in streekrjocht paad…
hoefolle jierren noch?



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum