december 14, 2020
Se sitte tusken bei en snile
út it sicht fan ’t skrillich wyld,
dat sels noch net te sjen is,
te betiid foar daliks al yn byld.
Se ha ’t oan tiid om nijs te dielen,
op te skeppen oer de bút,
dy’t no net mear te sjen is,
mei de hagel skeat it bloed derút.
It giet fan hazzen nei de guozzen,
fierste folle foar de boer,
dy’t sjocht wat sa ferlern giet,
fretters sprekke op tsjin syn natoer.
It praat komt út by rappe reeën,
folle grutter as in goes,
gjin wyld dat him mear sjen lit…
gean se sûnder bút dan mar nei hûs?
Dan rize beide jagers boppe
lysterbei en snile út,
de lopen wurde rjochte
foar de knal… de hazze naait rap út.
december 7, 2020
It is foarby, it seil is strutsen
nei’t de skipper wie besmet
mei ’t firus fan it silen
yn simmerwaar en -wyn,
in dubieus rekord is brutsen.
Gjin twivel oer it ôfstân hâlden,
want Korona’s wil wie wet,
dus foar de wyn gjin file:
in wedstriid wie ferbean,
dat skippers waarden net ferkâlden.
Korona woe it leafst sels winne,
soarge foar in nij rekord:
in jier net wedstriid sile,
dêr foer er fûl op yn,
de skipper fielde him allinne.