Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Sabeldûns yn werhelling

Keunst

fan Jean-Léon Gérôme*

Sy koe yn alle bochten,
linigens wie har op ’t lichem skreaun,
mar ’t skriuwen lei har minder,
dat gjin streek kaam op it blêd,
sy die wat manlju by har sochten.

Gjin swurd, mar wol in sabel,
want dat wapen makke ek in bocht,
wat naadleas by har paste:
sy en sabel op ien bêd,
foar manlju wie soks formidabel.

Twa sabels, op ’e holle
ien, de oare yn de rjochterhân,
sa hold sy ’t krekte lykwicht,
stadich dûnsjend, mar ek rêd,
foar manlju die sy neat tefolle.

Sy seagen, fantasearren
mei har eigen sabel troch de rôk,
belibben sa har bleate
dûns op ien en ’t selde bêd…
de manlju ha de dûns wurdearre.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Sabeldûns yn in kafee’


admin

Drinkend en smokend blinke

Keunst

fan Frans van Mieris*

Hjir sit ik nei myn swiere plicht,
in pypfol ha ik wol fertsjinne
nei de eksersysje
mei ’t metalen boarstkuras,
de kâns is grut dat wy it winne.

Men kin it sjen oan myn gesicht,
dat striidber is, sa sizze maten
dy’t my better kenne
as de boargers, ’t sloppe ras,
dêr falt oer striid net mei te praten.

It praat giet wol oer fierste licht
en ek te slop fanwege ’t smoken,
oer bliuwt dan it drinken
fan in kanne bier en as
dat ek net kin, dan sil ik stoke…

… salang’t de sloppelingen my
net langer smokend sitten sjogge…
drinkend sil ik blinke!

* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Alde soldaat mei pipe’  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum