januari 27, 2022
fan Jean-Léon Gérôme*
Wat is der moaier yn de jûn,
wannear’t de himel út’ en readens
skynt, as om te sjen oer hiel de stêd?
Jeruzalem leit my oan ’t hert,
mar ha ik myn bestimming fûn?
Wat is der better yn de jûn
as om op ’t platte dak te baaien,
út te sjen oer hiel Jeruzalem?
Uria leit my oan it hert,
mar ’t kriichsgeweld hat him no bûn.
Wa is dy frou dêr op it dak?
Har skientme strielet tsjin de jûnsloft…
is der kreazer skepsel yn de stêd?
Sy leit my no al oan it hert,
mar hoe kom ik oan myn gerak?
Wat hat dy man foar in berop?
Hy gluorket wylst ik stean yn ’t neaken…
fynt men heger macht yn Israel
as kening? Flugger slacht myn hert…
is myn bestimming hegerop?
* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Batsjêba’
januari 20, 2022
fan Frans van Mieris*
Twa hannen mei ferskil yn rjochting,
de iene dy’t in ear beet hat,
de oare dy’t de narder wart…
wat hat dat te betsjutten?
Mar hat de man wol de bedoeling
de hûn te pakken by it ear?
It docht allinnich ’t froutsje sear,
sy kin it dûbel tsjutte.
Do moatst net oan myn hûntsje sitte,
bliuw mei dyn fingers fan him ôf,
bring net myn skatsjes yn it nau,
hy lit it blaffend witte.
Ik ha mei dy gjin snars te krijen,
mei ús ferkearing bin ik klear,
dus lûk myn hûntsje net oan ’t ear,
tenei sil hy dy mije.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Hûntsje pleagje’