juni 9, 2022
fan Jacob Backer*
Hjir bin ik, mar net allinne,
sjoch mar hoe’t ik nei him wiis,
hy is de jager, giet op jacht,
wylst ik hjir sit te flechtsjen
in krânse foar de priis.
Sjoch my hjir as harderinne
mei de glim fan makke skiep,
sa wol ús heit my ’t leafste sjen,
mem learde my it flechtsjen,
wat hâldt my út ’e sliep.
Sjoch nei him, hy bliuwt wol wekker,
mem seit: ‘Om’t hy jonge is,
moatsto him as de jager sjen,
hy sil net daliks flechtsje,
sjit mei syn spear nea mis.’
Hjir bin ik, sekuere rekker,
’k reitsje mei myn spear de knyn
en fang in klyster mei myn strûp,
ik lit gjin bist mear flechtsje…
as ’t moat sjit ik in swyn.
As it moat, sil hy it winne,
dêrom is ’t dat ’k nei him wiis
as jager, winner fan de priis.
* Jacob Backer (1608/9-1651)
Skilderij ‘In jonge en in famke
as harderinne en jager’
juni 2, 2022
fan Gerard van Honthorst*
Sy hat de bút al binnen
foar’t har finger wiist nei him
dy’t mei syn ponge krekt begjint
te jeien op syn bleate bút…
kin sy him noch ûntrinne?
Sy spile op ’e lute
leafdeslietsjes, net foar him
bedoeld, mar as it sa ferrint
as by syn komst, dan kin it út
en is neat út te sluten.
Hy biedt har hert en sinten,
kombinearjend mei syn stim
sil hy it rêde, hy fersint
him net, it bliuwt net by in tút,
hy krijt ferskate hinten.
Har finger bliuwt mar wizen,
wylst syn fingers sizze: ‘Nim,
dan sjogge wy wol hoe’t it rint.’
Sy bûcht de holle, resolút
lit sa har foarhang rize.
* Gerard van Honthorst (1592-1656)
Skilderij ‘De keppelster’