maart 2, 2023
fan Gilbert Spencer*
Wat lit de hinnejonge sjen,
syn hinnen of de amer foer
of is it syn gesicht dat soer stiet…
giet de romantyk ferlern?
It hinnefolk hat amper kleur,
allinnich blibben binne read
lykas de kaam, de hinnejonge
giet syn gong, mar sûnder fleur.
De sek om ’t liif lit skilders sjen
lykas Picasso, sûnder doer,
noch gaadlik foar it hinnefretten,
ek foar him, net mear in bern.
Dus rinne hinnen mei him op,
al keakeljend en fierder neat
oars as se yn de groep wend binne
nei it fuorplak, sûnder rop.
* Gilbert Spencer (1892-1979)
Skilderij ‘Hinnejonge’
februari 23, 2023
fan Wyndham Lewis*
Wannear’t de bommen falle,
hâldt de himel dat net tsjin,
dus brekt de ierde iepen,
weaget as de brâning nei
oant alle hollen bûgje.
Wannear’t soldaten falle
nei’t de hollen bûge ha,
wa kin dan langer sliepe?
Eagen wolle net mear ticht
en kinne inkeld stoarje.
Wannear’t de jûntiid falle
sil, stean trije noch te sjen,
wa kin it bloed begripe
dat noch altyd weaget nei
lykas op ’t strân de brâning.
* Wyndham Lewis (1882-1957)
Skilderij ‘In batterij bombardearre’