Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Venus en Amor

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hans Baldung Grien*
fan Salvador Dalí**

Image

Dêr stiet se dan, langút
twa meter, rûn fan lea
mei ’t kleed yn beide hannen
en langstme nei in tút,
har eagen as in bea
oan withoefolle mannen.

Sjoch Amor mei syn pylk
fan leafde op ‘e bol
dy’t wif is fan ’t ûnwisse,
want no noch net, mar skylk
miskien sil ’t al, hoewol
it kin ek Venus misse.

Image

Dêr sit er, Herakles,
de tiller fan de see
dy’t mei syn beide hannen
hâldt Venus by de les:
‘Lit Amor oant er ree
is om de trie te spannen.’

* Hans Baldung Grien (sirka 1484-1545)
wie in Dútske skilder en grafikus,
dy’t it fak learde fan Albrecht Dürer.
Hy skildere ‘Venus en Amor’ op in
linehouten paniel fan 208 by 84 sintimeter.

** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne
yn Catalonië. Hy skildere yn ferskillende
stilen en behearske de technyk perfekt.
Hy neamde dit skilderij ‘Herakles dy’t de
hûd fan de see optilt, freget Venus efkes
te wachtsjen foar’t se Amor wekker makket’.


admin

Twa jonges

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rafael*
fan Paul Gauguin**

Image

Putto, neaken jonkje modellearre
nei it ideaalbyld fan de tiid
doe’t Rafael dyn lea arsearre.

Putto, jonkje dat doe funksjonearre
as de drager fan it pausembleem:
in ring mei diamant en fearren.

Altyd, putto, hasto wer posearre
neaken foar de paus en kardinaal,
troch dy yngripend ynspirearre.

Image

Dêr leisto, boerejonge
út Bretagne, plomp en bleat,
nei wylde bokkesprongen,
dochsto no in skoftke neat,
fernimst dyn hert en longen,
mar oan dy is neat ferkeard:
bist yn dyn wêzen krongen.

* Rafael (1483-1520) wie in Italiaanske
Renaissance-keunstner. Hy tekene de minsken
nei in ideaalbyld, ûntliend oan de Grykske
byldhoukeunst.
Yn 1513 kaam Rafael yn tsjinst fan paus
Leo X, de earste paus út it skaai Medici.

** Paul Gauguin (1848-1913) skildere
oant 1886 yn ympressionistyske styl.
Yn Bretagne kaam er ta in ferienfâldiging
en joech mei grutte kleurflakken
it wêzentlike wer. Dizze styl ûntwikkele
er fierder op ‘e Marquises Eilannen (Tahiti)
yn de Stille Oseaan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum