Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Túnfeest

Keunst
PDF Print E-mail
fan Dirck Hals*

Image

Hat it selskip grutsk posearre
foar de skilder mei ’t paniel,
op ’t hôffeest noege troch de gasthear
foar de kleuren ta syn eare
of wie ’t Hals syn eigen miel?

Hingearhûn, dy hat er stellen,
ek de rjochter frou yn ’t read
wie ree om as kopy te tsjinjen;
sels hat Hals de foargrûn helle
mei syn stal yn hege steat.

Sa in túnfeest op te setten
mei wat prate en muzyk
en tuskentroch in hap en drankje,
flirte, tsjin de houlikswetten
yn, dan fielst dy kleureryk.

Humor kipet om de hoeke,
want Hals set de groep foar aap
dy’t sûndich fêstsit oan in keatting
om it selskip by te lûken,
byldtaal, rjocht foar ’t folk syn raap.

* Dirck Hals (1591-1656)
wie in broer fan Frans Hals.
De lêste skildere mei
in lossere streek.

admin

It pontfear

Keunst
PDF Print E-mail
fan Esaias van de Velde*

Image

Yn de spegel fan it keunstwurk
sjocht men krêften fan de geast,
dy’t as in lânskip ljochtet,
yn de middei noch it meast.

Fan de skilders observaasje
kaam syn stimming op it doek,
al like ljocht as wetter,
heinend kleur yn foarmen tûk.

Want hy wie de fiere fisker
en de ruter tichterby,
de einen oan it swimmen,
yn de pont de steande kij.

Pontbaas woed er ek wol wêze,
farrend spegel wrâld oan wrâld,
syn krêft, ferbûn mei wetter,
brocht er oer sa mannichfâld.

Sjoch hoe’t hjoed de dei de pontbaas
krêften sparret by it stjoer,
syn geast fjocht op it ronken
fan de motor hastich oer.

Image

* Esaias van de Velde (1590/1591-1630)
is yn Amsterdam berne en waard as
tweintichjierrige skilder yn Haarlem,
de stêd fan Frans Hals.
Troch observaasje koed er de atmosfear
fan in lânskip op it doek oerbringe.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum