augustus 10, 2023
fan Andrew Wyeth*
It útsicht is it ideaal
dat oanlûkt nei de fierte ta:
in hûs om rêst te finen,
mar fierderop de flakke kym…
de flecht út it ferline.
Sy sleept noch mei har mank ferhaal,
krûpt stadich nei de fierte ta
om dêrnei út te rêsten
en stiet har libben goed op rym,
dan giet sy foar it bêste.
Har jong bestean op grutter skaal
stiet op lykas har namme seit:
Christina sil no fine
it útsicht sûnder noch de skym
fan slepe mei har pine.
* Andrew Wyeth (1917-2009)
Skilderij ‘De wrâld fan Christina’
augustus 2, 2023
fan Barent Fabritius
Hy hinget mei de snút
deunby de tegelflier,
de rêch rêst op in ljedder,
it libben is derút.
Sy wiene dêr ek by
en seagen ’t slachtsjen oan
as wie it neat bysûnders,
foar harren wie ’t net nij.
Folwoeksen wie it bern,
sa waard it doe besjoen,
alhiel net as in wûnder,
men moast him net ûntsjen.
Snotbongels wiene ’t wol,
dy’t bargen ûnder ’t miel
en boarten mei de bongel,
dêr rekken se fan fol.
* Barent Fabritius (1624-1673)
Skilderij ‘Slachte baarch’