november 2, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Jan Adam Kruseman*
Se hie deselde bou as mem en koe dêr amper wat oan dwaan, it siet no ienkear yn it skaai, no sa, men moast de lea ’t gerak ek jaan, dan gie sy grif wat langer mei, dochs wie it lestich foar ’t portret, mar troch de keunst wie ’t lijen oer. De skilder eage nei it fet De eachopslach waard froufrjemd fiis, * Jan Adam Kruseman (1804-1864) |
november 2, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Jan Willem Pieneman* Kin Waterloo wol op it doek, in slach as ’t rôljen fan de see, de iene sjarzje nei de oare? De skilder, kreatyf en tûk, bout earst in grutter atelier. Mar ’t mânske doek, goed fiif by acht, Hy stiet wol op it skilderij, Kin ’t oars as yn it middelpunt? * Jan Willem Pieneman (1779-1853) |