juni 22, 2023
fan Aleksey Savrasov*
De moarntiid skampt oer de rivier,
dy’t foar ’t gefoel ek wekker wurdt,
mar him neat oanlûkt fan it tsjuster,
dat de stream net keare kin,
de Wolga wurket dei en nacht,
hjoed likegoed as juster.
De fisker is ek altyd ier
derôf en bûten foar syn wurk
om op te heljen njoggen netten,
trije kear de Wolga op,
sa nimt er ’t lokkich lot yn acht,
hy skriuwt syn eigen wetten.
De riemen skriuwe sin nei sin
op ’t wetter fan syn brea-rivier,
de netten drippe tritich stippen;
foar de fisker smyt it op
de ienheid mei de brede stream…
gjinien kin dêroan tippe.
* Aleksey Savrasov (1830-1897)
Skilderij ‘Ier yn de moarn. Wolga’
juni 15, 2023
fan Hieronymus van der Elst*
In foarst soe wol tsien soannen ha,
mar wa wie eins de wiere
dy’t syn plak ynnimme soe
as hy de holle dellei…
njoggen woene dêrop ta.
De heit lei nei ferrin fan tiid
de holle del, de wiere
wie noch net bekend, sadat
de troan foar wiken leech bleau,
dêrnei rûn it út op striid.
It grêf kaam leech, mar heit syn lyk
koe harren net fertelle
wa’t syn plak ynnimme soe,
miskien koe dat de holle,
kriich mei sjitten ien gelyk.
Ien fan de tsien woe dat net dwaan,
want hy koe wol fertelle
wa’t foar heit de wiere wie:
hy liet de skeinde holle
sakje om him del te jaan.
* Hieronymus van der Elst (1600-1650)
Skilderij ‘It skot op it lyk fan de kening’