Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Winter yn it doarp

Keunst
PDF Print E-mail
fan Willem Maris*

Image

It praat giet, hy is faak yn de natuer
op ’t plattelân foar wer in plaatsje,
mar ik bin in minske fan de stêd
en kom ik bûten, dan is ’t puer
genietsje en foar ynspiraasje.

Ik wie dy winterwike yn it Goai
en hie mei ’t folk dêr mannich praatsje
oer de strange froast en fallen snie;
yn ’t earst wie alles puer en moai,
al gau sloech ta de yrritaasje.

De loft waard grau, teiwaar, in tryst palet
mei goare sniedrits op it paadsje
dêr’t it wyfke slydske foar har brea;
dit wie myn bûtenlibben net,
de stêd hat mear ferdivedaasje.

* Willem Maris (1844-1910),
bekend om syn ienfâld en freonlikens,
wie ien fan de skilders fan de Haachske Skoalle,
ek wol de Haachske ympressionisten neamd.

admin

Skipsbrêge

Keunst
PDF Print E-mail
 fan Willem Roelofs*

Image

It hie no noch sa wêze kind:
de brede stream fan de rivier,
de miuwen kriezjend yn de flecht,
de fisker mei syn boat yn ’t spier,
de beamgroep as de wolken echt,
lykwols de brêge is fan earder trend.

Hy gie mei ’t sketsboek op ‘en paad
en joech syn eagen kleurekost,
wylst miuwen dûkten nei in fisk,
socht rêstich om in útsjochpost,
it flitste daliks al: dit is ’t,
doe hat er efkes mei de fisker praat.

Mei ’t sketske hied er samar ret,
de eagen makken byld foar byld,
wylst miuwen flitsten yn de flecht;
syn skildertrant wie rûch en wyld,
mar neffens de ympresjes echt,
lykwols ’t gefoel as brêge striek er net.

* Willem Roelofs (1822-1897)
skildere de brêge by Doesburg
yn ympressionistyske trant,
hoewol’t er tefolle de donkere
kleuren yn syn  skilderijen taliet.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum