Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Spanje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Salvador Dali*

Image

Hy hat krekt syn proai opfretten,
leit te wachtsjen op noch mear geweld,
de liuw as kening en tiran
yn Spanje, dêr’t gjin rjocht mear telt
en inkeld jilde oarlochswetten.

Trochsichtich stiet sy dêr te wachtsjen
mei allinnich fearren om de lea,
de Spaanske boppe yn de ban
fan boargerstriid ta eigen skea,
want sjoch hoe’t sy elkoarren slachtsje.

It kastke mei dy iene lade
hinget slop de reade lape út
fan ’t ûnbewuste yn de man,
dy’t foar de liuw ferwurdt ta bút,
sa falle oer it gea de skaden.

* Salvador Dali (1904-1989)
hat de Spaanske Boargeroarloch
op surrealistyske wize werjûn.
Hy flechte yn 1940 nei Amearika,
dêr’t er ferneamd waard.

admin

Maitiidsmachtsfertoan

Keunst
PDF Print E-mail
fan J. Thorn Prikker*

Image

De stip stiet oan ’t begjin
fan ’t maitiidskleureflak,
dat kriget earst syn sin
as tûzen stean teplak.

De bôge yn de rein
biedt alle kleuren oan
foar ’t lânskip sûnder ein,
dat opkomt yn de moarn.

De moarntiid struit it ljocht
yn kleuren blau en wyt,
dy’t skimerje ek troch
wat ûnder leit en stiet.

De blêden jouwe stip
foar stip in heech gefoel,
it paad, klear foar in trip,
kin maklik sûnder doel.

Begjin of ein, gelyk
is ’t opgean yn ’t patroan
fan stippen, gjin ûntwyk
by ’t maitiidsmachtsfertoan.

* J. Thorn Prikker (1869-1932)
skildere earst yn de trant fan
it symbolisme en letter fan
it pointillisme.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum