Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Ynterieurs

Keunst
PDF Print E-mail
fan Leon De Smet*

Image

Wês net wolkom yn de romte
fan de koele keamer yn it blau,
dy’t opriist boppe bylden út
fan links de man en rjochts de frou
en op ‘e skoarstienmantel beide
yn it wyt, mar mei de kleur
fan leafde en in lange tút,
de sier fan dit ynterieur.

Op ‘e tafel stiet it blomte
dat fertelt in oar, wol waarm ferhaal,
hoewol’t it kleuret justjes koel,
fan leafde op fergrutte skaal
en sjoch hoe’t ûnopfallend beide
yn it swart, mar wol mei fleur
berikke it yntime doel:
kom yn it selsynterieur.

* Leon De Smet (1881-1966),
in Belgyske keunstner,
skildere sawol ympresjonistyske
as ekspresjonistyske wurken.

admin

Leave Frouwe

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacobus Lodovicus Cornet*
fan Egbert van Drielst**

Image

Us Leavefrouwetsjerke stiet der noch,
it goatysk finster rikt mei trije stilen:
God de Heit, de Soan en Geast,
Marije draacht it aldermeast,
sy hat as mem de haadrol spile
yn it godsgebou, mar doch…

Noch wiist de toer nei ’t plak fan ’t himelryk,
mar alle klokken, eartiids galmjend, swije
oer de Heit en Soan en Geast,
it docht Marije noch it searst,
sy moast al yn de stilte lije
op ‘e heuvel by syn lyk.

It buertsje leit der noch, mar minder smûk
as eartiids doe’t der party memmen wennen,
no noch ien mei heit en soan,
mar moarns giet wol de kachel oan,
de skoarstientoer rikt nei de sinne:
Leave Frouwe yn gebrûk.

Image

* Jacobus Lodovicus Cornet (1815-1882)
skildere û.o. histoarjestikken,
portretten en ynterieurs.

** Egbert van Drielst (1745-1818)
skildere foaral lânskippen. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum