Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Lânskip nei syn aard

Keunst

fan Sámal Joensen-Mikines

Lege wenten, see, in rots,
it lânskip fan Mikines,
dêr’t de skilder berne waard
en syn namme oan ûntliende,
beide melangoalysk op ’e kaart.

As it lânskip sprekt syn taal,
dan harket hy mei sân pear
earen nei syn eigen aard,
wol dêroan syn namme bine:
‘Oant de dea bliuwsto myn libbensmaat.’

Lit de sinne tusken rots
en wenten skilderje
de see: de weagen as wyt paad
om syn lânskip te ferbinen
mei wat leit wat fierder op ’e kaart.

* Sámal Joensen-Mikines
Skilderij ‘Altyd de see’
Mikines (Faeröereilannen)

admin

Master I.S.

Keunst

fan ûnbekend*

It soe in Rembrandt wêze kinne,
wrâldferneamd de iuwen troch
mei portretten as identiteit,
syn selsportret slút twivel út:
‘Ik bin de master, ik allinne!’

Sjedêr de hear dy’t him net skamme
om te kommen op ’t portret
mei de noas as syn identiteit?
De skilder slút him sa net út:
‘Hy komt by my op ’t doek, ferjamme!’

Mar wa bisto behalve keunstner,
skilderjend yn Rembrandts styl?
Graach dyn namme as identiteit
of slútst dysels it leafste út
as wiest in hillige… of meunster?

‘Wêrom soe ik ien wêze moatte
dy’t him achtet wrâldferneamd?
As identiteit ha ik I.S.:
Ik Skilderje, slút my net út,
mar sa ha ik my wol ôfkoarte.’

* Skilderij ‘Man mei in swolm op syn noas’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum