oktober 5, 2017
fan Juana Borrero*
Sy hat se dêr noch sitten sjoen,
dy trije op in kiste
yn ’t rike Floarida,
wat sy doe noch net wisten:
de lêste kleuren hie se harren jûn.
Op Kuba wie sy noch in bern,
dêr hearde sy it sjitten
en moast nei Floarida;
de bern liet sy doe sitte
om harren mei begrutsjen oan te sjen.
Sy waard gjin aureoal gewaar,
wol fjouwer bleate fuotten
yn ’t rike Floarida
fan fila’s en fan krotten,
wat rekke inerlik by har in snaar.
Nea hat sy har mear sitten sjoen,
sy rekke yn de kiste
foardat sy tweintich wie;
’t portret is swart ynliste
en fol begrutsjen oan de takomst jûn.
* Juana Borrero (1877-1896)
Skilderij ‘Boefkes’
september 21, 2017
fan James Ensor*
Dit bin ik wol, sa’t jim net sjogge,
jim ferwachten grif gjin snor en burd,
mar wol lang hier, in glêd gesicht
dat glimket, net grimmitich hurd.
It binne fearren dy’t it dogge,
boppedat is ’t ek de blommehoed
dy’t troch syn kleuren docht myn plicht,
wat strykt mei ’t spatten yn it moed.
Dit bin ik ek, sa’t jim no sjogge,
mei deselde skeane eachopslach,
dy’t sprekt fan justjes heech it krop,
’t leit oars, ik bin no ienkear wach.
Wach bin ik op wat minsken dogge,
ek op wat se sizze fan myn wurk,
it spilet my hjoed troch de kop:
beweging ûnder ’t blauwe swurk.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Selsportret mei blommehoed’
Skilderij ‘Ensor foar syn skildersezel’