augustus 21, 2020
fan Gustave Courbet*
It libben op en tusken rotsen
wie sa hurd as stien en stiel,
gjin grûn om op te rispjen,
de ienling kriich in skeamel diel.
Sa wie it libben al lang brutsen,
want de ienling wie as stien
sa hurd om net te fielen
wat wie ’t belang foar elkenien…
… oant ien begûn de rots te brekken
fan it eigen lyts belang,
’t houwiel wie om te hakjen,
de earste klap klonk oeren lang.
Doe kaam de twadde mei in hammer,
wylst er op ien knibbel lei,
koe hy noch lytser brekke,
it waarden stiennen foar de wei…
… nei elkenien yn de omjouwing,
want se joegen om elkoar
en oan elkoar in hammer,
dêr wie ’t in hechte mienskip foar.
* Gustave Courbet (1819-1877)
Skilderij ‘De stienbrekkers’
augustus 13, 2020
fan Kuzma Petrov-Vodkin*
De reade flagge gie op kop,
dêrachter swaaiden reade bannen,
sa marsjearre ’t leger oer
de hichten, troch bedeltes,
fan alle lannen oan de top.
De kommissaris wie derby
om ’t ideaal topheech te hâlden
foar de boarger en de boer:
‘Sjedêr de Sovjet-helden,
marsjearjend foar de maatskippij!’
Fansels hie hy ek in gewear
om as it moast mei skerp te sjitten;
oan it leger joech er stjoer
mei wurden fan de lieder,
dêr skeat er ek mei, kear op kear.
De kommissaris wie ynein
en koe it leger net mear folgje,
siigde yninoar, ’t wie oer
mei ’t sjitten út ’e mûle,
hy wie troch ’t eigen folk ferslein.
* Kuzma Petrov-Vodkin (1878-1939)
Skilderij ‘De dea fan de kommissaris’