Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Lamech

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Belbello da Pavia*

Image

Hy stiet der kleure op,
al draacht er ek it wite kleed
fan eachferblinend ‘hjir bin ik’,
in keardel mei in hurde kop
en wraakgefoelens by de fleet,
syn biedwurd dat is ‘stik’.

Ien frou is him te min,
syn lusten streame út nei twa,
yn ’t neaken ropt er: ‘Hjir bin ik!’
En is ’t him mei dy twa nei ’t sin,
dan wol er rap syn bôge ha
en baltet: ‘Sjoch, ik mik!’

Ien wurd is him te min:
‘Wol harkje nei wat ik no sis,
ik sjit him dea dy’t Lamech skeint
en is in skram my net nei ’t sin,
dan giet it mei in bern ek mis,
gjin mem dy’t him mear heint!’

Hy stiet der kleure op
en sjit syn foarfaar troch de kop.

* Belbello da Pavia (aktyf tusken 1420 en 1470)
Yllustrearre haadletter

admin

Kaïn en Abel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Titiaan*

Image
detail

Hy stie mei beide fuotten op ‘e grûn
en skôge oer it weagjend nôt,
de bou dêr’t hy sa grutsk op wie,
hy wurke fan de moarn oant lette jûn
en rispe tweintichfâld.

Hy rûn de dei troch mei syn keppel op
en koe it weidzjend hear oersjen,
de dieren dêr’t er noed fan hie,
geregeld striek er lammen oer de kop,
der gie gjinien ferlern.

Se leauden beide yn har âlders God
en brochten tank mei ’t offerfjoer,
dêr’t reek de tekentaal fan wie:
de bouboer moast it dwaan mei ’t delslaand lot,
de hoeders reek hie doer.

Hy stie mei beide fuotten op ‘e grûn
en sloech syn broer wol tweintichfâld,
de risping dêr’t er doe foar gie,
hy hie, tocht er, syn delslaand lot oerwûn,
syn broer lykwols wie kâld.

* Titiaan (sirka 1485-1576)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum