Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Mear as minskewurk

Bibelbylden
Mear as minskewurk PDF Print E-mail
fan Giovanni Battista Tiepolo*

Image

It swalkjen frege hieltyd mear,
dêrby kaam noch de drege fraach
fan Ismaël: ‘Bin ik no skuldich?’
It tempo sakke, waard úteinlik traach.
”t Is minskewurk, myn fint, it komt wol klear.’

It brea wie op, de krûk al leech,
dêrby kaam noch syn eachopslach,
sy fielde har as mem no skuldich,
hy joech him del, mar sy moast wêze wach:
‘Myn wurk, hear fint, al is it noch sa dreech.’

It wie as waaide it har oan,
dêrby kaam noch in kleare stim:
‘Oerein, wa hat it no oer skuldich?’
En Hagar stiek de hân út, seach syn glim:
”t Is mear as minskewurk, kom op, myn soan!’

* Giovanni Battista Tiepolo (1696-1770)
Skilderij ‘Hagar en Ismaël yn de woestyn’

admin

De frjemdte yn

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Giovanni Francesco Barbarie*

Wat hied er lokkich mei har west,
mei Hagar en ek Ismaël,
syn twadde frou en harren soantsje,
by Sara wiene beide net yn tel,
sy spriek de ban, hy soarge foar de rest.

Wat wied er lokkich mei it lûd
fan Izaäk, al lang foarsein
en op syn âlde dei noch berne,
oant Ismaël him narre, as ferslein
beharke hy de ban oer ’t eigen bloed.

Image

Djip ûngelokkich moast er dwaan
wat yngie tsjin syn eigen moed:
dy beide yn de frjemdte stjoere,
in fingerwizing en in lêste groet,
dat wie de rest, wat koed er oars noch jaan?

* Giovanni Francesco Barbarie (1591-1666)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum