Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Wiere wurden

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Sels in ezel sprekt soms wiere wurden
as er op it paad in wêzen sjocht
dat mei in brede wjukslach fljocht,
it minskehert is faak ferhurde.

‘Ezel bin ik al jo libbensdagen,
wêrom krij ik hjoed dan op ‘e hûd?’
Doe seach syn baas de ingelgloed,
it swurd wie ’t antwurd op syn fragen.

Fragen wiene ek út Moäb kommen,
út it hert fan Balak, deabenaud
foar ’t swalkersfolk, lang net fertroud:
‘Profeet, wolsto dy troep ferdomme?’

Mar profeten sprekke wiere wurden
as de Iene harren wegen wiist,
oars reitsje sy yn ’t net fertiisd
fan keningen, yn striid ferhurde.

Bileäm liet wiere wurden streame
oer it folk, de stjer út Jakob wei,
dy’t seit: sjedêr de nije dei,
’t beloofde lân riist op út dreamen.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De ezel fan Bileäm’

admin

Faai dilemma

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Image
detail

It is mei oarloch soms te winnen
as it wurd gjin trochgong biedt,
it folk foar it dilemma stiet:
in faai bestean of fierder rinne.

‘Hjir, kening fan de Amoriten,
steane wy mei ’t rjochte wurd:
gjin hân stekt út nei bou of put,
jou ús de wei frij troch jo krite.’

Mar Sichon woe dêr neat fan witte,
hie ’t dilemma nea noch heard,
allinnich striid lei op syn mêd,
hy koe him mei de sterksten mjitte.

Dat Israel hie neat te kiezen:
oarloch út in faai bestean
om nei it eigen lân te gean,
dat Sichon moast it wol ferlieze.

Image
detail

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘Oerwinning op ‘e Amoriten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum