Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Obadja

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Hendrick Goltzius*

Obadja, hofmaarskalk fan Achab,
tsjinne ek de Iene, sels noch mear,
hy rêde ’t libben fan profeten
fan Izébels wurd en spear,
fan honger ek mei ’t deistich brea,
hy wie in man fan rjocht en frede.

Obadja moast fan kening Achab
wetterwellen sykje, dêr’t noch gers
te finen wie foar alle dieren
by ’t paleis, oars soe it mes
de slacht ynsette, mar sa’n dea
koe ’t keninklike hôf net siere.

Obadja, tusken foarst en godsman,
seach ynienen op syn paad profeet
Elia: ‘Sprek do fan myn kommen!’
Mar Obadja siet yn need,
want kaam de moeting net, de dea
soe dan foargoed syn lûd ferstomje.

Obadja, bringer fan de wurden
dy’t Elia foar de kening hie,
wie by de moeting mei ferwiten,
hearde hoe’t it fierder gie:
in oprop troch it hiele gea,
de Karmel brocht in oare rite.

Image

* Hendrick Goltzius (1558-1617)
Ets ‘Moeting fan Elia mei Achab’

admin

Tusken mem en himel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Elia kriich de keamer boppe
fan de widdo mei har soan,
in frjemde flechteling as gast;
de freugde juster, rou foar moarn,
de jonge siik, syn hertslach stoppe.

Hoe koe de mem dit oars begripe
as de straf foar ’t eigen kwea,
dat boppekaam troch de profeet;
no wiene man en soantsje dea,
sy moast troch ’t libben sûnder stipe.

De godsman droech de soan nei boppen
tusken mem en himel yn
en rôp de Hear ferwitend oan;
syn siken waarden as de wyn,
de geast hat wer ta libben roppen.

Image

Elia kaam mei ’t jonkje ûnder,
joech it libben oan de mem,
fan wa’t de hertslach flugger gie
en folle wisser klonk har stim:
‘As godsman diene jo in wûnder.’

* Achttjinde-ieuske Bulgaarske ikoan
Ofbylding ‘Elia makket libben’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum