Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Fleanende boekrôle

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
de ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Image

Ik sloech de eagen op en seach
in rôle yn de loft, it wie in boek,
de ingel frege wat ik seach,
fan ’t antwurd makke hy gebrûk:

‘De rôle fljocht oer ’t hiele lân
as flok foar wa’t him keart tsjin Gods gebod,
de dief en swarder dy’t gjin each
ha foar de oar, slim is har lot;
de rôle kringt by har yn hûs,
dat beide witte fan it rjocht en kwea,
fertarre sille stien en hout,
se sjogge ’t oan en stean foar dea.’

* Yllustraasje ‘Fleanende boekrôle’

admin

Lampen en olivebeammen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Image

Ik seach in stander, glânzjend goud,
dêr boppe-op sân lampen, klear foar ’t ljocht,
olivebeammen, geef fan hout,
en oalje dy’t der wêze mocht.

De ingel spriek dêrby it wurd:
‘Sân eagen fan de Iene gean de wrâld
oer, beide beammen hawwe nut:
de foarst en pryster oan ’t bewâld.’

Myn earen heinden dit noch op:
‘Foar Serûbbabel** is dit wurd foarearst:
geweld en macht gean net foarop,
de wrâld feroaret troch de Geast.’

* Yllustraasje ‘Stander tusken olivebeammen’
** Lânfâld

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum