Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tsjin hoer Ninevé

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Ik, Nahum, profetearje
oer de bloedstêd Ninevé,
bekend fan rôf en leagen,
ferflokt is dat foltroppe stee,
it sil him net oan straf mankearje.

Do, Ninevé, hast huorke
mei dyn goaden dei nei dei,
brochtst folken yn ferlieding,
naamst harren nei dyn timpel mei,
as hoer hast yn de wrâld omtoarke.

Ik, seit mei klam de Iene,
pak de tippen fan it himd
en strûp dat oer de holle,
sadat de hoer de spot fernimt
fan folken no tsjin har feriene.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Nahum’

admin

Mem fan sân martlers

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

makkabeeer-5

Sân bruorren waarden finzen nommen,
want gjinien fan har iet bargefleis,
sa holden sy har oan Gods wet,
de jongste woe sels kenings geunsten net,
dus is hy ek om ’t libben kommen.

De mem moast oansjen it skalpearjen,
dat by elk de tonge ôfsnien waard,
gjin hân en foet bleau oan de lea,
se rekken yn it gleone wetter dea,
de kening liet har sa tamtearje.

De mem hat wize wurden sprutsen,
want: ‘Iksels ha net jim skepper west,
in mem kin bern gjin azem jaan,
God sil ek nei de dea it goede dwaan,
gjin soan fan my is bliuwend brutsen.’

De jongste soan koe sprekken lije,
spriek him tsjin de kening húnjend út,
woe út noch yn syn geunsten net,
hold heech de rie fan mem en ek Gods wet,
dy soe him der trochhinne krije.

De mem seach troch it lijen hinne
dat har soannen joegen moedich oan:
in suver moed koe fan de machten winne.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De mem fan de Makkabeeërs’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum