Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Mattatias yn opstân

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Dêr hiest de amtners fan de kening
foar ’t heidensk offer ûnder twang,
de measte minsken rûnen oer,
ferlies fan ’t libben makke bang,
Mattatias wie lykwols poer.

De amtners lieten flaaikjend witte,
Mattatias wie fan belang
en stie foar ’t hiele folk model,
hy krige fan de foarst de rang
fan freon, hysels en ’t hiele stel.

Mattatias joech ’t kleare antwurd
dat, mocht sa dwaan it hiele folk,
hysels hold fêst oan Gods ferbûn;
sa wie er fan de trou de tolk
en is oer rjochte wegen rûn.

In man út Juda kaam nei foaren
foar ’t heidensk offer, no of nea,
de spanning ûnder ’t folk rûn op;
doe sloech Mattatias him dea,
de klap klonk as de opstân-rop.

mattatias-3

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Mattatias deadet de man
fan it heidenske offer’

admin

Mattatias en soannen

Bibelbylden

fan Guillaume Rouillé*

mattatias-1

Wa kin de druk wjerstean
fan wetten tsjin de eigen wearden?
Mattatias soe derfoar gean:
rjochtfeardige tsjin it ferkearde.

Fiif soannen giene mei
op wegen dy’t tsien Wurden wize
de tiden troch, fan skaai oant skaai,
omdat sy fan it ûnrjocht griisden.

Mattatias wie poer,
hy koe it moardzjen net rjocht krije,
it heidensk godsspul wie him oer,
soe hy oer al dat ûnrjocht swije?

Fiif soannen diene mei,
sy skuorden harren klean yn stikken
en rûnen rouwend troch de dei,
de earste stap om fier te rikken.

* Guillaume Rouillé (sirka 1518-1589)
Yllustraasje ‘Mattatias’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum