Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

It boadskip fan Johanna

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Net dat ik fuortrûn bin… by Chusas wei,
hy hat it hert op ’t goede plak,
yn ’t wurk is hy ek lang net min
as master oer Herodus’ jild,
mar wat er die en wat er sei,
wie my op ’t lêst net nei it sin:
’t kaptaal kriich mear as syn gerak.

Maria Magdala kaam dermei oan
nei’t sy troch him goed holpen wie,
fansels bedoel ik troch de Hear,
dy holp har fan kweageasten ôf,
har libben wie dêrtroch bedoarn,
sadwaande kaam foar my de kear:
‘Kom mei ús mei,’ sa joech se rie.

As trije froulju ha wy it no drok,
Susanna joech har der ek by,
it iten moat op tiid wol klear,
mar spyt fan ’t folgjen ha wy net,
syn boadskip bringt de minsken lok,
ek yn har libben komt in kear:
wa’t yn syn wurd leaut, fielt him frij.

* Yllustraasje ‘Froulju yn it libben fan Jezus’

 

admin

Berou fan in publike frou

Bibelbylden

fan Dirk Bouts*



Net dat gjinien mear nei my wiist
op strjitte as publike frou,
net elkenien kin witte
dat myn triennen wiene foar de Hear,
dy’t ik de fuotten waske,
dêrnei salve, want ik hie berou
oer alles wat ik mar net litte
koe, wat Simon ek net noaske…
dy Fariseeër fûn ’t mar neat
dat soks… nee, ik bedoele fansels
’t fersoargjen en ek tútsjen fan de Hear
syn fuotten, op ’e kop ferkeard,
dat liet er dan ek lûdop witte,
ja, soks barde by him thús,
mar ik kaam ek thús, waard mysels
wer, want de Hear seach my wol sitten,
hold myn dwaan oan Simon foar
en ferjoech wat ik misdien hie,
wat net mear nei myn ferline wiist.

* Dirk Bouts (sirka 1410-1475)
Skilderij ‘Kristus yn it hûs fan Simon’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum