juni 10, 2017
fan Vincent van Gogh*
Hy moat my sjoen ha doe’t ik siedde,
’k wie krekt klear en seach him stean
mei minsken om him hinne,
neat hold my tsjin om dêr nei ta te gean,
’t wie mar in eintsje rinnen.
It gie yndied oer sie en siedzjen,
mar foar my wie it net nij:
it sie moat yn de ierde,
want op it paad giest oan it doel foarby,
in rots kin ek neat biede.
Wat doe kaam, wie foar elk nijsgjirrich,
’k hie it sels sa nea besjoen:
wy wiene sels de ierde,
it godswurd foel by ús yn goede grûn,
men moat soks ek mar riede…
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De siedder’
juni 7, 2017
fan ûnbekend*
Jaloersk op him, dat bin ik net,
wol ha ’k begrutsjen mei ús mem,
dy’t wer in snútslach krige
fan Jezus, ja, ik bin syn broer…
syn útspraak hat my oan it tinken set,
ik sil der net om lige.
Wy wiene ryklik let, ik jou it ta,
mar soks moat ûnder ús dochs kinne?
Dus bin ik tusken ’t folk trochrûn
en ha him op ’e hichte brocht
dat mem foar him ek kommen wie;
ik seach, hy woe ús dêr net ha,
mar wol de minsken om him hinne,
sei dat er oare bruorren hie
en ek in oare mem: it folk dat nei him socht;
ik ha mar gjin reaksje jûn,
wie op dat stuit fansels wol poer,
mear út begrutsjen mei ús mem
as dat er oer syn broers sa tocht.
* Yllustraasje ‘De fjouwer broers fan Jezus’