juli 8, 2017
fan Lambert Lombard*
Mem joech fiif bôlen mei
en dan ek noch twa fiskjes
om te dielen mei myn maten,
want wy rûnen mei de minsken
nei de eastkant fan de mar,
it skip fan Jezus achternei
om wer wat te belibjen
sa’t ik dat wol faker sjoen ha;
wy stiene achter al dat folk
en koene him net hearre,
ek net sjen wat er krekt die,
der wie foar ús neat te belibjen,
dêrom ha wy tikkeboarte;
doe’t ik de bôle diele soe,
sei ien dat Jezus dy ha woe,
ik ha him ek de fiskjes jûn;
as jim ’t net leauwe wolle,
freegje dan it folk mar nei,
want al dy minsken ha doe iten
fan de bôle dy’t ik diele woe,
omdat myn maten honger krigen;
o ja, de fiskjes rekken op,
de bôle net, want tolve kuorren
fol mei brokken bleauwen oer…
dat ha wy dus belibbe.
* Lambert Lombard (1505/1506-1566)
Skilderij ‘It wûnder fan de fiif bôlen en twa fisken’
juli 5, 2017
fan Caravaggio*
It hie net wêze moatten,
mar koe ik der wat oan dwaan,
sy frege om Jehannes’ holle,
wat moast ik oars de dochter jaan?
Sy hat in spultsje spile
nei har dûns doe’t ’k jierdei wie,
Jehannes’ holle liet se rôlje,
it wie Heródias har rie.
Myn frou siet noch fol grime
oer Jehannes, wrachtich wier,
de troubrek hie hy ús ferwiten,
dy útspraak woech by har noch swier.
Ik koe der net omhinne
nei har dûns, ik hie it sward,
de dochter koe fan alles winskje
en sa is doe it bloedspul bard.
Ik krij it noch foar eagen,
bluodrich lei er op in skaal,
de holle eage as in oanklacht:
myn oanspraak yn dyn eigen taal.
It spriek my oan, myn eigen
oarders, kommend op ’e lea
fan wa’t net nei myn wetten dogge…
hoe is it libben nei de dea?
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘Salomé mei de holle
fan Jehannes de Doper’