oktober 28, 2017
fan Nicolaes Maes*
As mem hat men it bêste foar
mei ’t bern út eigen skurte wei,
dus wie my neat tefolle
op dizze dei.
In skare folge yn it spoar
fan Jezus, ek wy rûnen mei,
de memmen mei har skatten,
sa’t Rachel sei.
Sy gie mei Ruben op him ta,
mei Marta ik der achteroan,
mar ho, ien woe ús keare,
hy hie ’t bedoarn…
… by Jezus, dy woe ’t net sa ha,
ús berntsjes liet er komme, lei
de hannen op ’e hollen,
wat alles sei.
* Nicolaes Maes (1634-1693)
Skilderij ‘Jezus jout de seine oan de bern’
oktober 25, 2017
fan ûnbekend*
Al jierren ha ik learaar west
om Mozes’ wet te ûnderwizen,
dêrom wit ik hoe’t it sit
en ek dat men de sûnder mijt,
dy Jezus lykwols leart dy rest,
sa’t ik se neam,
ik kin der wol fan grize.
Hy kaam mei in ferhaaltsje oan
om ús op syn gelyk te wizen,
fan in hoeder mei syn skiep,
fan hûndert rekke hy ien kwyt,
dy sette neffens him de toan,
sa’t ik it neam,
hy hat dy iene prize.
Gjin tinken oan dat ik it bin,
dy hoeder om mar ien te sykjen,
boppedat is ’t in berop
dat elkenien it leafste mijt,
dy Jezus praat himsels dus tsjin,
sa’t ik it sjoch,
bliuwt hy as learaar stykjen.
Yllustraasje ‘De goede hoeder’